Fjildlab: Fjildlaboratoarium Noardeast-Fryslân

 

De Fjildlab is in fjildlaboratoarium foar de fersterking fan ‘e sirkulêre ekonomy en in duorsume agraryske sektor yn Noardeast-Fryslân.

Wy stribje nei in lânskip fan hege kwaliteit mei in ynternasjonaal útstrieling wêryn wenjen en wurkjen, rekreaasje en toerisme en de tsjinsten fan ‘e natoer yn lykwich binne. En wer’t de lânbou en de natoer de ynfloeden fan klimaatferoaring oan kinne.

Sjogge jo kânsen om gear te wurkjen of wolle jo mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Fjildlab

› Mear witte?

Regionale regio Noardeast-Fryslân

Yn de Regiodeal Noardeast-Fryslân wurdt it Fjildlab definieare as in sintraal plak wêr’t duorsume lânbou-relatearre saken oanpakt wurde yn kenniskringen en projekten. De wichtichste doelstelling fan Fjildlab is it meitsjen fan fernijende oplossings en bedriuwsmodellen yn relaasje ta natoerynklusive lânbou, sirkulêre produksje, duorsum grûn- en wetterbehear en sâlter wurdend wetter en oanpassing oan it slimmer wurden fan fersilting. De acht tema’s binne underbrocht yn kenniskringen en hawwe as doel om alle partijen dy’t der ta dogge (merk, oerheid, kennis, boargers) te ferbinen.

Natoer en lânskip

Natoer, biodiversiteit, lânskip en de rekreaasjesektor brûke foar nije produkten en tsjinsten, bygelyks: ynkomstenmodellen dy’t biodiversiteit, regionale produkten en aktiviteiten dy’t passe yn dizze regio, te stimulearjen.

Sûne boaiem

As basis foar de sirkulêre ekonomy, bygelyks, produksje en tapassing fan Bokashi en it brûken fan dong om it boaiemlibben te stimulearjen.

Wetter en lânbou

Blauwe en griene ekosysteemtsjinsten ta wearde bringe, bygelyks undersyk te dwaan nei nije gewaaksen en it gebrûk fan produkten út dizze gewaaksen.

Duorsume enerzjy

Regionaal produsearre duorsume enerzjy yn de eigen regio brûke: bygelyks troch it ynstellen fan enerzjykoöperaasjes, boeren en boargers te ferbinen by it ynstallearjen fan sinnepanielen en lytse wynmounen.

Dong

De dong regionale ferwurkje, lykas it skieden fan jarre en dong yn in stâl. (it ko-húske). De dong ferbetterje troch bygelyks tafoegmiddels. De dong ta heger wearde bringe (bygelyks t-shirts fan meitsje) en hegere dongkwaliteit.

Foer

“Oerskot”produkten (út de regio) ta wearde bringe troch de aiwyt- en mineralen behoefte by elkoar te bringen. It rantsoen oanpasse: gjin mais, allinich gers en drûge gers, allinich regionale grûnstoffen, mear gearwurkje mei de bouboeren en de tylt fan alternative gewaaksen lykas winterbeanen.

Oanpassing oan sâlter wurdend grûn- en sletswetter

Untwikkeljen fan produkten y’t tsjin hegere sâltgehaltes kinne en tsjinsten, bygelyks: ûndersyk nei it mitigearjen fan sâltwinning troch better gebrûk meitsjen fan wetter en fokus op de tylt en merkûntwikkeling fan sâltgewaaksen.

Iten

Sûn, regionaal en funksjoneel iten produsearje bygelyks projekten rûnom lokaal produsearre iten.

Gearwurkje yn in iepen struktuer

Fjildlab wurket mei in iepen struktuer dy’t nije dielnimmers en nije projekten de romte jowt om mei te dwaan. Der binne al in protte agraryske netwurken belutsen by Fjildlab, wêrûnder twa kollektiven foar agrarysk natuerbehear: Agrarisch Collectief Waadrâne en feriening Noardlike Fryske Wâlden, dy’t mear as 1.000 agraryske ûndernimmers fertsjinwurdigje yn sawol feehâlderij as akkerbouw, ONOF (Ondernemersfederatie Noordoost Fryslân) en it Kennis en Ynnovaasjehûs (KEI). Derneist binne de gemeenten Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel (ferienige yn ANNO), Smellingerlân, Wetterskip Fryslân, Provinsje Fryslân en ferskate kennisynstituten (SPNA, Hogeschool Van Hall Larenstein, NHL-Stenden, Nordwin, Universiteit fan Grinslân en Wageningen Universiteit oansletten).

Het Fjildlab Noordoost-Fryslân is een initiatief van

© 2019 - 2024 · Fjildlab: veldlaboratorium in Noordoost-Fryslân · Ontwerp & Ontwikkeling Custard on- & offline communicatie